, , Peace " op Peaske. . . ?
Wer fleagen greate sulvren fûgels,
Nei it sa biloofde lân,
Om de boel hwat jrucht to setten.
Alles stie dêr yn 'e brân.
D'r moat nou mar in ein oan komme,
Seinen de hearen fan 't regear.
Nobel, dy joech har noch in pryske -
It folk dat tocht, nou is it klear.
De greatste man fan de regearders,
Dy rôp ynboarstich, - pray for peace,
Forwûndert stienen hja to harkjen,
Hwat spriek dy man en wol sa wiis.
Bûtendoar dêr jage 't ûnheil,
De biwenners fan har plak.
Honger, toast en djip ellende.
D'r wie foar har giin ûnderdak.
It stiet biskreaun yn 't Boek d'r Tiden,
Kloften minsken bin ' fordreaun.
Hjoed de dei is 't noch itselde,
Hwant macht en haet, dy binne bleaun.
Us tinsen, geane fakenfolle,
Nei dat sa bigearde lân,
Dêr de bêste Man fan ierde,
Krus 'ge waerd en is forstoarn.
Wv freegje wêr mei nije hope,
Oan dy aldergreatste Heit,
Sil it nochris ienkear daegje,
Dat de hoanne frede kraeit.
Noait mear deadzje en formoardzje,
Gjin jonge minsken nei it front.
Meiinoar wer fredich libje,
Slaen dogeneaten foar de kont.
Tsjommearum, Foarjier 1979
J.H.W.